Fiskers wurde net neamd yn debat EP oer de Brexit

05 apr 2017 - 13:12

Fryske fiskers wurde hurd troffen troch it fuortgean fan Ingelân út de Europeeske Uny, mar yn it debat oer de Brexit, woansdeitemoarn yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburg, is der noch mei gjin wurd oer praat. De Ingelske regearing wol mei yngong fan 2019 it Ingelske part fan de Noardsee slute foar fiskers út oare lannen.

Nederlânske Europarlemintariërs meitsje har grutte soargen en wolle dat der goede ôfspraken makke wurde. Peter van Dalen fan de ChristenUnie sprekt fan in "potinsjele ramp" en wol dat it probleem boppe-oan de aginda komt. Lês mear yn ús Europablog.

(Advertinsje)
(Advertinsje)