Poll: 'In nije dei' moat yn The Passion

05 apr 2017 - 12:53

'In nije dei' fan De Kast is it meast geskikt om as nûmer te brûken yn The Passion. Fia de poll op de Facebookside fan Omrop Fryslân oer watfoar Frysk nûmer yn it lijensferhaal fan Jezus songen wurde moat, koenen minsken har foarkar oanjaan. De Kast wie mei oermacht de populêrste mei 677 stimmen.

Op 'Dûnsje my de leafde út' fan Elske De Wall waard 130 kear stimd, op 'De mem fan Doutzen' fan Strawelte kamen 147 stimmen en foar 'Wêr bisto' fan Twarres keazen 181 minsken.

Nije wike tongersdei 13 april wurdt The Passion yn Ljouwert opfierd. Earder waard al bekend dat de Fryske sjongeres Elske DeWall de rol fan Maria spylje sil.

Trefwurden: 
The Passion de Kast
(Advertinsje)
(Advertinsje)