Dykhúske Flylân wurdt ûnderkommen foar keunstners

© Omrop Fryslân
It dykhúske achter it Museum Tromp's Huys wurdt ferboud ta 'Monument en Bed'. It sil yn de simmer ferhierd wurde oan toeristen en is de rest fan it jier beskikber as ûnderkommen foar keunstners, skriuwers en wittenskippers. Monuminte-organisaasje Vereniging Hendrick de Keyser hat de ôfrûne moannen in plan opsteld foar de restauraasje fan it húske út de jierren '60. Dat wurdt ynrjochte yn de styl fan dy jierren.
De dykwenning waard yn 1962 boud op it plak fan it eardere houten skildersatelier.