TanQyou wint starterspriis

05 apr 2017 - 10:39
Foto: Google Maps

By de ferkiezing fan Fryske Undernimming fan it Jier is TanQyou út Frjentsjer tiisdeitejûn keazen ta bêste startup. It bedriuw fan Jan-Harmen Akkerman hat in nije formule betocht foar ûnbemande tankstasjons. It bedriuw hat in prizepot, werby't prizen lykas telefyzjes en reizen, ferlotte wurde ûnder fêste klanten. Eltse tankte liter is in lot foar de prizepot.

TanQyou hat twa tankstasjons yn Frjentsjer en Bleiswijk en krijt der dit jier fiif by. It doel is om ein 2018 sa'n 30 tankstasjons te hawwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)