PVV wol yn 2018 yn trije Fryske gemeenten meidwaan

05 apr 2017 - 10:17

De PVV wol yn maart 2018 yn 60 gemeenten meidwaan oan de gemeenteriedsferkiezingen. It giet om gemeenten werby't de partij by de Twadde Keamerferkiezingen op 15 maart in soad stimmen helle. Yn Fryslân docht de partij mei yn East- en Weststellingwerf en Achtkarspelen.

De list is opsteld yn gearwurking mei provinsjale fraksjes. Betingst is wol dat der genôch geskikte kandidaten binne. Neffens PVV-foaroanman Geert Wilders is der lokaal in soad ferlet fan syn partij, dy't by de Twadde Keamerferkiezings de twadde partij fan Nederlân waard.

(advertinsje)
(advertinsje)