Kollum: "Doarpen"

05 apr 2017 - 08:40

"Je dogge it allegear wolris yn in petear. Dan sis je ynienen ”as we it no ris sa dogge, soenen we dêr ek ris nei sjen kinne.” Hayo Apotheker die it ek in kear en woe wol dat er it nea dien hie. It docht sear dat je aanst yn jo nekrology lêze dat je it plattelân fan Fryslân ôfbrekke woenen. Mar dat domme geâldehoer oer de dyk Ljouwert-Snits rûn him ris oer de skuon. Hy wit dat as se har dêr gewoan oan de snelheid hâlde dat der dan neat oan de hân is. Dus bromde hy dat we dan mar sjen moatte nei in nije dyk by it spoar lâns.

Hy hie’t oer in doarpesparjend dykje, mar dat kaam net yn de krante. No, hy kin bliid wêze dat hy op tiid fuortgiet en de doarpen net mear wolkom hjitte hoecht yn syn gemeente, oars soene se him de doar útkwakke.

Tsien doarpen ha har nammentlik no ferbûn yn in protest oer eat wêrfan hielendal neat op papier stiet en wat net ien Hayo neisein hat yn gemeente of provinsje. Mar dy doarpen tinke dat der al plannen klearlizze, dat der efter de skermen al oer tocht is. Dat Apotheker dus net samar wat sei, mar foartidich in stikje rapport op it kleed lei. Miskien. Apotheker kin net bewize dat soks net sa is, de doarpen ek net dat it wol sa is. Dus it docht der net ta.

Mar it is in moai begjin fan in geweldige diskusje dy’t we hjir yn Fryslân krije sille oer ús 422 doarpen. Doarpen dy’t eartiids, en miskien noch wolris, dreamden fan in moaie nije rûnwei, sizze no lûdop dat der gjin stikje asfalt harren rykdom, de greide, de romte, de natoer ferniele mei. Sju, ús regear is der mei begûn. Alle rotsoai dy’t der wie, ôffiere wolle nei it plattelân. “Jim ha wol gatten, dêr kin it sikehûsôffal wol yn. Of kearnôffal yn de gasputten. Wynmûnen ha jím wol plak foar.” Datsoarte teksten, mar dan fertaald yn rapportetaal. Mar no bin de provinsiale en gemeentlike oerheden ek safier. Se sjogge nei de struktuer fan de doarpen en tinke fan, no der sit gjin libben mear yn, der kin we wol wat misbrûk fan meitsje. Eins wie de Sintrale As it earste fan dat tinken. Mar doarpen komme yn it ferhef. Gjin wynmûnen, gjin oare rommel, gjin grouwélige bedriuwen. Doarpen wolle doarp bliuwe, ek al hjit soks tsjintwurdich krimpdoarp.  

De krimpdoarpen yn Littenseradiel dy’t har ferbûn ha yn Nij Baarderadiel ha mei syn allen net mear as 4000 ynwenners. Kin net iens mei syn allen in steatelid kieze, dus ramme mar. Dy Apotheker mei syn idioate praat. Dan ha we gjin romte mear, gjin natoer mear, gjin lanlike omjouwing mear en ús wengenot is fuort. Dat soks no foar Skearnegoutum, Dearsum , Raerd en Tsienzerbuorren wol jild, skriuwe se net op. Eigen doarp earst no.  

Sa tinkt Nij Baarderadiel: Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum. As je trochride kom je yn Wurdum. De sponsor fan SC Hearrenfean, dat driuwt op minsken út de doarpen yn Fryslân, wol dêr in sinnepanielpark bouwe. Earst wie der in Dútske ûndernimmer. Dy woe der 41 bunder sinnepaniel ha. Wurdum lake, dat kin net. Mar it wie in opsetsje, want doe kaam dat GroenLeven mei 17 bunder. Wurdum skrok. Dit wol we net, ús grûn, ús doarp, ensafhuorthinne. En doe flústere wethâlder Henk Deinum de Wurdumers yn dat se mar by de Ried fan Steat oanklauwe moasten, want hy koe dit net tsjinhâlde. It stiet nammentlik al lang en breed yn de gemeentelike plannen. Net dat in Wurdummer dêr ea yn sjoen hat, mar se bin dúdlik: de plakynnimmende rotsoai kin wol nei de doarpen. No wennet Henk ek yn in in doarp en wit dus wol hoe’t se dêr tinke. Hy fynt dat ek wol.

Dus dan moat no in PvdA-wethâlder fan Ljouwert flústerje oer in Wurdummer gong nei de Ried fan Steat om dêrmei wat mear tiidwinst te krijen, sadat hy yn elk gefal net mear mandelich is oan in omjouwing fernielend mar wol yn de geast fan Parys bout sinnepanielepark yn Wurdum. Want ja, yn it folgjende kolleezje sitte gjin PvdA-lju mear."

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)