Trije Friezinnen nei EK judo yn Poalen

Trije Fryske judoka's sille dit jier meidwaan oan it Europeesk kampioenskip judo. Yn de Poalske haadstêd Warschau komme Margriet Bergstra, Sanne Vermeer en Natascha Ausma fan tongersdei 20 april oant en mei snein 23 april yn aksje. Margriet Bergstra fan De Lemmer komt út yn de klasse oant 57 kilogram, Sanne Vermeer fan Stiens yn de klasse oant 63 kg en Natascha Ausma fan Lippenhuzen yn de klasse oant 70 kilogram. Op de lêste dei fan it EK is de lannewedstriid.