SC Hearrenfean pakt lang om let wer folle winst

04 apr 2017 - 22:46

Sportklup Hearrenfean hat lang om let wer in wedstriid wûn yn de earedifyzje. Yn it Abe Lenstra Stadion waard mei 3-0 wûn fan Sparta Rotterdam. De ploech fan Jurgen Streppel siet bot ferlegen om in goed resultaat nei de minne rige fan de ôfrûne wiken. SC Hearrenfean stiet op it achtste plak yn de earedifyzje.

Yn de begjinfaze hie Hearrenfean it dreech. It earste kertier hiene de Feansters grutte problemen yn it eigen 16-metergebiet. Mar yn dizze klutssituaasjes koe de ploech mei it nedige lok it doel skjinhâlde. Dochs krige Hearrenfean wol kânsen yn de begjinfaze fan de wedstriid. Sa krige Reza Ghoochannejhad yn de 24ste minút in grutte kâns op de 1-0. Mar in goeie yngreep fan Mendes da Silva op de doelline hâlde de stân op 0-0. Hjirnei kabbele de wedstriid fierder oant de rêst.

Nei it skoft koe Hearrenfean noch hieltyd net de ynspiraasje fine om de knop om te setten. Oant de 56ste minút, doe't Pelle fan Amersfoort mei syn skynbonke de bal oer Kortsmit hinne de goal ynwippe koe. De goal soarge der lykwols net foar dat Hearrenfean better spyljen gie. Sparta bleau druk setten, en drukte de Friezen werom nei de eigen helte. Dochs wiene it ferrassend genôch opnij de Feansters dy't in goal meitsje koene. Joost van Aken kopte yn de 72ste minút raak út in frije traap fan Sam Larsson. Njoggen minuten letter koe Reza Ghoochannejhad de wedstriid yn it slot smite, en de 3-0 op it skoareboerd sette.

(Advertinsje)
(Advertinsje)