Follybalsters Oranje ûnder 18 ferlieze wer

04 apr 2017 - 22:23
(fotofoarbyld) - Foto: ANP

De froulju fan Oranje ûnder de 18 moasten op it EK follybal yn Arnhem opnij de holle bûge. It team, mei dêryn Hester Jasper fan Snits, gie mei 3-1 ûnderút tsjin Dútslân. Earder al ferlear it team fan de jeugd fan Bulgarije, en wûn it fan Ruslân. It team fan bûnscoach Julien van de Vyver sil no yn de lêste twa groepswedstriden mei de kop derfoar moatte. Der moat noch spile wurde tsjin Turkije en Italië. De resultaten binne wichtich om sicht te hâlden op kwalifikaasje foar it WK.

(Advertinsje)
(Advertinsje)