Eaststellingwerf tefreden oer tsjinprestaasjes by útkearing

04 apr 2017 - 21:44
Engbert van Esch - Foto: Gemeente Eaststellingwerf

De gemeente Eaststellingwerf is tefreden mei de tsjinprestaasjes dy't minsken mei in bystânsútkearing dogge. Dat sei wethâlder Engbert van Esch tiisdeitejûn by in gearkomste fan de riedskommisje. Gemeenten binne sûnt 1 jannewaris 2015 ferplichte om rjochtlinen fêst te lizzen oer tsjinprestaasjes dy't sy freegje fan de minsken dy't in útkearing krije. Fan de 726 minsken yn Eaststellingwerf dy't frege binne foar in reaksje oer it ûnderwerp, hawwe 425 minsken oanjûn dat se frijwilligerswurk of mantelsoarch dogge.

Hjirmei soene sy al foldwaan oan de easken fan in tsjinprestaasje. Neffens Van Esch is dat posityf. Fan de 50 minsken dy't as earste frege waarden foar in reaksje hiene 33 al yn desimber 2016 in tsjinprestaasje dien. De oaren hiene goeie redenen wêrom't se foar 2016 noch gjin frijwilligerswurk dien hiene. Te tinken is dan bygelyks oan sykte, nij wurk en stúdzje. Der soe genôch oanbod wêze foar frijwilligerswurk, sa sei de wethâlder. "Ik heb nog niet gehoord dat daardoor geen tegenprestatie kon worden geleverd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)