Sjoerd Galema wol ynsette op duorsumens en skjinne enerzjy

04 apr 2017 - 20:53

Fryske ûndernimmers ha ferlet fan lêsteferlichting en minder regels. Dat sei foarsitter Sjoerd Galema fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW tiisdei yn It Polytburo. Noardlike oerheden stjoerden moandei in brief nei ynformateur Schippers, mei dêryn harren ekonomyske winsken. Neffens Galema moat foaral ynset wurde op duorsumens en skjinne enerzjy. De eardere CDA-deputearre fynt dan ek dat it in goeie saak is dat GrienLinks as fjirde partij yn it nije kabinet meidocht.

It progressyf kabinet, sa't Galema dat neamde, soe rjocht dwaan oan de ferkiezingsútslach.

(advertinsje)