Hege keninklike ûnderskieding foar Theunis Piersma

04 apr 2017 - 20:03

Wittenskipper Theunis Piersma fan Gaast is tiisdeitejûn beneamd ta Ridder in de Orde van de Nederlandse Leeuw. Hy krige de ûnderskieding foar syn wittenskiplike prestaasjes, benammen op it mêd fan ûndersyk nei trekfûgels. Yn 2014 krige Piersma foar syn wurk al de Spinozapremie.

Piersma krige de ûnderskieding foarôfgeand oan in debatjûn oer duorsume lânskippen yn Warkum, út hannen fan boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân.

De titel 'Ridder in de Orde van de Nederlandse Leeuw' is in hege keninklike ûnderskieding, heger as bygelyks Ridder in de Orde van Oranje Nassau.

(Advertinsje)
(Advertinsje)