Tristan Bangma nije ambassadeur para-hurdfytsen

04 apr 2017 - 19:32
Tristan Bangma - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

De Fryske parasporter Tristan Bangma wurdt ambassadeur fan it Nederlânske para-hurdfytsen. Dat makke de Koninklijke Nederlandsche Wielren Unie (KNWU) tiisdei bekend by de presintaasje fan in nije gearwurking mei it Fonds Gehandicaptensport. De KNWU wol dat der mear omtinken komt foar de handicaptesport. 

Fierder priizge de KNWU de âlde hurdfytsklup fan Bangma yn Drachten. Neffens de Wielren Unie kin der in foarbyld naam wurde oan hoe't de hurdfytsklup omgien is mei Bangma. Sa soe hy yn de oanrin nei Rio profitearre hawwe fan de kombinaasje fan syn feriening as basis, mei as ekstra stipe de stimulearingssubsydzje fia Fonds Gehandicaptensport en de talintbegelieding fan de KNWU. Sa soe it faker moatte. Tristan Bangma wie tiisdei sels ek by de presintaasje fan de gearwurking.

(Advertinsje)
(Advertinsje)