Flylân krijt flessepost út 1997

© Twitter
In bysûndere fynst op it strân fan Flylân tiisdei. Boskwachter Pieter Schaper fûn by de strânhimmelaksje in tige nijsgjirrige flesse. It giet om in lytse plestik flesse, mei dêryn in berjocht fan de 10 jier âlde Susie. It bysûndere is dat Susie de flesse yn 1997 yn de see smiten hat. De post hat der dus tweintich jier oer dien om op Flylân oan wâl te kommen. "Hi my name's Susie Hampton. I'm 10 years old." Sa skriuwt se. De flesse komt út Kent, en Susie wol graach dat de finers kontakt mei har opnimme.
It is de bedoeling dat der yndie in syktocht komt nei Susie, sa skriuwe de boskwachters fan Flylân op harren webside. "Collega Pieter vond een plastic flesje met een brief van een toen 10 jarig meisje uit Kent (Engeland). Zij zal dus nu 30 jaar zijn en we gaan op zoek naar Susie Hampton. Spannend!" sa skriuwe se.