Earste skriesaaien fûn

04 apr 2017 - 18:24

Njonken de earste ljipaaien binne no ek offisjeel de earste skriesaaien fûn. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten makke dat tiisdei bekend. Klaas Jager fan de fûgelwacht út Aldehaske is de finer fan de aaien. It giet om twa eksimplaren. De aaien meie, lykas de ljipaaien, net meinaam wurde.

(advertinsje)