Pleatsen fan objekten by de dyk wurdt tenei makliker

04 apr 2017 - 17:02
Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It wurdt tenei makliker om objekten, lykas keunst, by provinsjale diken en farwegen del te setten. Fan tiisdei ôf stelt de provinsje in tydlike regeling yn wêrby't soepeler omgien wurdt mei it pleatsen fan objekten by de dyk del.

Dizze objekten moatte dan wol te krijen hawwe mei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De fersoepeling rint fan 4 april 2017 oant ein 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)