Fiskers yn 'e problemen troch Brexit

04 apr 2017 - 16:35

De Brexit kin wolris grutte gefolgen ha foar Nederlânske fiskers. Dat tinkt de Ingelske Europarlemintariër en fiskerij-spesjalist Richard Corbett út Yorkshire. De Ingelske regearing wol mei yngong fan 2019 it fiskjen op it Ingelske part fan de Noardsee troch bûtenlânske fiskers beheine of sels ferbiede. Foar Nederlânske fiskers is dat in grutte bedriging, want no wurdt noch de helte fan de fisk út it Ingelske part fan de Noardsee helle.

Corbett is sels gjin foarstanner fan de Brexit, dy't hy omskriuwt as 'the mother of all divorce-cases'. Corbett fynt dat der oer de fiskerij in kompromis sletten wurde moat, mar by de konservative Ingelske regearing fan no is dat kompromis noch lang net yn sicht.

Ek Europarlemintariër Peter van Dalen fan de ChristenUnie hâldt earnstich rekken mei in fiskerij-konflikt tusken it Feriene Keninkryk en Nederlân yn 2019. Van Dalen sit yn ien fraksje mei de Ingelske konservativen en fernimt dat de spanningen tusken de 'Britten' en de 'Europeanen' oprinne. Neffens him stelle Nederlânske fiskers no al ynvestearrings út, omdat it takomstperspektyf sa ûndúdlik is. Van Dalen fynt dat yn it ramt fan de Brexit-ûnderhannelingen it fiskjen op de Noardsee boppe oan de aginda komme moat.

"Het sluiten van het westen van de Noordzee voor Nederlandse vissers zou een ramp zijn, want veel Nederlandse vissers halen hun platvis vlak onder de Engelse kust", sa seit Van Dalen. Mar Europa hat noch wol in pear izers yn it fjoer om soks te foarkommen; Grut-Brittannië ferkeapet in grut part fan de fiskproduksje yn Europa. "Als Engeland de Noordzee doormidden snijdt, hebben we een instrument om terug te slaan." Van Dalen makket him earnstich soargen oer it hiele Brexit-proses. Neffens him is de deadline fan twa jier te koart om alles te regeljen dat regele wurde moat. It risiko fan in "fjochtskieding" oftewol in "hurde Brexit", is dan ek seker net tinkbyldich. Sjoch foar mear ynformaasje yn ús Europablog.

(Advertinsje)
(Advertinsje)