Hierpriis by wenningkorporaasje Actium giet hast net omheech

04 apr 2017 - 15:28
Hierwenten fan Elkien yn Ljouwert - Foto: Wenningkorporaasje Elkien

Hast alle hierders fan wenningkorporaasje Actium hâlde kommend jier deselde hier. Foar minsken mei in ynkommen boppe de 40.000 euro giet de hier wol omheech, mei in dikke fjouwer persint. Actium seit dat se der yn it foarste plak is foar minsken mei in leech ynkommen.

De korporaasje hat genôch finansjele romte fûn om de hier op itselde nivo te hâlden. Dat is foar it twadde jier achter elkoar. Actium hat huzen yn Súdeast-Fryslân en yn Drinte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)