KWIS: Test dyn Frysk

04 apr 2017 - 15:18
Foto: Omrop Fryslân

Sitsto moarn ek mei de laptop op ‘e skurte of foar de telefyzje om dyn Frysk te testen? Omrop Fryslân presintearret woansdei nammentlik it Grut Frysk Diktee. De tekst is dit jier skreaun troch Tet Rozendal en wurdt foarlêzen troch Omrop Fryslân-presintatrise Karen Bies. It Grut Frysk Diktee sels is te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje om 17.30, 19.30 en 21.30 oere. Meidwaan oan it Grut Frysk Diktee is dit jier dus noch makliker. Doch mei op www.fryskdiktee.nl. Direkt nei ôfrin wurdt it diktee online automatysk foar dy neisjoen.

Yn oanrin nei it Frysk Diktee, kinst no âlfest dyn Frysk teste mei dizze kwis. Do sjochst nei de fraach fuortendaliks ofsto it goed of fout hast, en de útlis.

Test dyn Frysk

Trefwurden: 
Grut Frysk Diktee Frysk
(Advertinsje)
(Advertinsje)