Wurk út Ryksmuseum te sjen by útstalling yn Hannemahûs

Museum It Hannemahûs yn Harns krijt takom jier in tentoanstelling mei wurk út it Ryksmuseum. It Hannemahûs hat dat foar elkoar krigen troch gear te wurkjen mei fjouwer oare musea. Mei elkoar organisearje se eksposysjes mei as tema ien fan de fjouwer eleminten: ierde, wetter, loft en fjoer. Omdat se gearwurkje, kinne se in grutte kolleksje yn brûklien krije fan it Ryksmuseum.
Dy kolleksje wurdt oanfolle mei har eigen guod. De tentoanstelling yn It Hannemahûs takom jier hat ierde as tema.