Tsjûgen socht fan mishanneling Koartehimmen

04 apr 2017 - 13:50
Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling dy't moandeitemiddei plakfûn op de Boerestreek yn Koartehimmen. Neffens de plysje is de dieder in man fan sa'n 35 oant 40 jier, sa'n 1 meter 80 lang en hat hy koart swart hier en in min gebit. De man droech in ljochtblauwe spikerbroek en swarte bergskuon en spruts Frysk. Hy naaide út op in famkesfyts fia de Boskwei yn de rjochting fan Beetstersweach.

Trefwurden: 
plysje mishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)