Noarden hat de winsken by ynformateur Schippers dellein

It Noarden hat yn in brief oan ynformateur Edith Schippers bekend makke wat de provinsjes fan it nije kabinet ferwachtsje. Neist bekende saken lykas ferbreding fan de sluzen by Koarnwertersân set it Noarden yn op griene en duorsume inisjativen. Dêrneist wol it Noarden guon Rykstsjinsten hjir hinne helje, lykas it nije Europeeske klimaatynstitút. Mear jild foar definsje kin neffens deputearre Sander de Rouwe betsjutte dat der ek ynvestearre wurdt yn de Ljouwerter fleanbasis.
De brief jout dêrneist oan wêr't it Noarden de kommende jierren foar stiet en sil yn septimber ek brûkt wurde by it opstellen fan de begrutting foar de nije Twadde Keamer.