Bakema: "Spitich dat ik myn perioade net ôfmeitsje kin"

Will Bakema fan de gemeente Amelân fynt it spitich dat er syn perioade as wethâlder net ôfmeitsje kin. Moandeitejûn tsjinne er syn ûntslach yn. Dat die er yn in ekstra riedsgearkomste. Dêryn waard praat oer de kwestje fan it parkearterrein by De Hagen yn Hollum op It Amelân. Douwe Bakker sit dêr mei de COOP-supermerk en wol mear parkearromte. Mei de gemeente waard ôfpraat dat de fjouwer gemeentlike húskes dy't foar in part op syn grûn stean, sloopt wurde soene. Sa soe der in grutter parkearterrein komme kinne.
Net goed ynformearre
De gemeenteried fynt dat se net goed ynformearre is oer in tal ôfspraken tusken Douwe Bakker en it kolleezje. Moandeitejûn lei der in moasje fan wantrouwen op tafel. Dy hat wethâlder Bakema net ôfwachte. Hy woe de eare oan himsels hâlde en naam ûntslach. Hy bliuwt noch in moanne oan om rinnende saken ôf te hanneljen.
Takomst
Neffens Bakema wie it net nedich dat it folsleine kolleezje opstapte fanwege de kwestje. Hoe't it fierder komt mei it kolleezje fan CDA, VVD en Ameland '82 wurdt letter tiisdei dúdlik.