Smelle lânboudykjes by Holwert soene oanpakt wurde moatte

Bewenners yn Holwert kleie al tsientallen jierren oer de gefaarlike sitewaasjes op de smelle lânboudykjes by it doarp. De diken binne te smel, is de krityk. Sa kinne bygelyks op de Witmonnikswei frachtweinen elkoar kwalik foarby en moatte se troch de berm ride. Dat giet wol ris mis.
De gemeente Dongeradiel lit witte dat se oan it sykjen binne nei lytse maatregelen om de feilichheid te ferbetterjen yn Holwert. In mooglikheid soe wêze om fan guon dyken ienrjochtingsferkear te meitsjen. Ek is de gemeente yn petear mei bewenners en ûndernimmers.