Taaleksperts meitsje online kursus oer meartaligens

04 apr 2017 - 10:16

Frysk, Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk? Of miskien wol Arabysk, Sineesk of Russysk? Hokker talen fleane der by jo troch de wenkeamer of op de wurkflier? En hoe geane je dermei om as der ferskillende talen troch meardere minsken sprutsen wurde? In nijsgjirrich ûnderwerp, dat boppedat hiel aktueel is foar de taalsituaasje yn Fryslân, dêr't meartaligens alle dagen oan 'e oarder is. Taaleksperts fan de Ryksuniversiteit Grins makken der in online kursus oer, dy't fan nije wike ôf te folgjen is. De kursus makket diel út fan Campus Fryslân.

Yn dizze kursus, Multilingual Practices: Tackling Challenges and Creating Opportunities, kinne minsken op boartlike wize mear te witten komme oer meartaligens. De Massive Online Open Course (MOOC) oer de Fryske taal fan ferline jier wie in grut sukses. Doe skreaunen mear as 6.000 minsken oer de hiele wrâld har yn.

Publyk

''De cursus is voor een breder publiek bedoeld'', sa fertelt Joana Duarte. Sy hat holpen by it opsetten fan de kursus. ''Over het algemeen kunnen alle mensen die geïnteresseerd zijn in talen in de maatschappij en meertaligheid in de regio meedoen. Maar ook voor praktische beroepen zoals leerkrachten, politieagenten en verpleegkundigen kan het heel handig zijn.''

(advertinsje)
(advertinsje)