Kollum: "It jonkje yn de jurk"

"Op ien fan dy moaie simmerske dagen fan foarige wike kaam ik se foarby. Twa folwoeksenen en in bern. Ik sis mei sin net heit, mem en soantsje, want dat wie net dúdlik. Myn nijsgjirrichheidsmeter sloech út as in geigerteller yn Fukushima. Wy rekken oan de praat, en se fertelden my dat se ‘genderneutraal’ oan it opfieden wiene. It doel dêrfan is om gelikensens tusken man en frou ôf te twingen, troch it ferwiderjen fan geslachtsstereotypen út de libbensweareld fan bern. De panty sakke my der spontaan fan ôf, ek al hie ik dy net oan.
Om fuortendrekt mar dúdlikheid te jaan: ik bin foar folsleine gelikensens fan man en frou. Froulike sporters moatte itselde fertsjinje as manlike sporters, datselde jildt foar it bedriuwslibben en de kulturele wrâld, dêr’t it planút belachlik is dat aktrises minder fertsjinje as akteurs, om mar in foarbyld te neamen. De fraach is ofst dy gelikensens ôftwingst troch bygelyks geslachtsneutrale wc’s oan te túgen, troch de geslachtsoantsjutting op de OV-chipkaart fuort te litten of, yn it gefal fan guon gemeenten, ynwenners tenei allinne mei de foar- en achternamme yn te skriuwen.
Op dat punt oankaam wol ik it earst noch oer transgenders ha. Ik bin yn de omstannichheid dat ik in pear fan harren ken, op ’e hichte bin ek fan de wrakseling dy’t it wêze kin as se fiele dat se yn in oar of ferkeard lichem sitte. Transgenders moatte alle frijheid krije om op alle passen en berteregistraasjes harren geslacht te feroarjen. Dat is lykwols in fûneminteel oare kwestje as gelikensens tusken man en frou, en it ôftwingen dêrfan troch in geslachtsneutrale maatskippij nei te stribjen. Dat is nammentlik net allinne op it neurotyske om en ôf, mar ek destruktyf. Bern wurde de dupe fan in trochsketten makberheidsideaal. Geslacht is gjin stereotype, mar in biologysk gegeven. It hat derfan dat bern troch âlders brûkt wurde om harren eigen ideeën en idealen te ûnderstreekjen. En yn it gefal fan it stel mei it jonkje yn in jurk ynterpretearje se emansipaasje blykber as it omkearen fan de geslachtsnoarm…
De betizing yn de maatskippij wurdt almar grutter. It ûnderwiis hat driuwend ferlet fan manlju foar de klas. Net in genderneutraal minske, mar in man. Foar de balâns, foar it lykwicht, foar de fariaasje. Manlju binne no ienris oars as froulju. Soks betsjut net dat je it oer in twadieling ha, just net. Want de ferskillen tusken yndividuen ûnderling binne faaks grutter as dy tusken de seksen. Mar it betsjut wol dat jonges de romte krije moatte as se jongesachtich binne, en famkes famkesachtich. Soks betsjut ek romte jaan as jonges foar it each famkesdingen dogge, en famkes jongesdingen. Akseptearje de ferskillen en it ferkaat, en wiskje se net krampachtich út ta in geslachtsneutraliteit dy’t folslein keunstmjittich is.
Dat tocht ik, doe’t ik it jonkje yn de jurk mei syn âlders nei-eage, en ik frege my even ôf oft er net leaver yn in Spiderman pak rinne soe…"
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.