Wethâlder Will Bakema fan It Amelân stapt op

Wethâlder Will Bakema fan Ameland '82 hat moandeitejûn yn in ekstra riedsgearkomste syn ûntslach yntsjinne. Der lei in moasje fan wantrouwen op tafel, mar der hoegde net oer stimd te wurden. "Ik neem ontslag", sei Bakema, "daar hoeft u geen motie voor in te dienen." Bakema stroffelet oer wat de kwestje 'De Hagen' neamd wurdt: fjouwer húskes dy't in eftertún ha op de grûn fan Douwe Bakker fan de COOP yn Hollum. Dy húskes soene sloopt wurde en it terrein soe ynrjochte wurde as parkearterrein en ferkocht wurde oan Bakker. Dêr gong it mis.
Nei in útspraak fan de Ried fan Steat en in besletten riedsgearkomste die bliken dat der in protte ûnbekende ynformaasje foar de ried wie. Dêrom waard in ekstra gearkomste belein. Yn dy gearkomste soe nei in skorsing de moasje fan wantrouwen tsjin ferantwurdlik wethâlder Bakema yntsjinne wurde. Safier kaam it net.
Hoe't it fierder komt mei it kolleezje fan CDA, VVD en Ameland '82 sil tiisdei dúdlik wurde.