Jongerein fan Jorwert spilet iepenloftspul 't Beest

03 apr 2017 - 22:57

It jongereiniepenloftspul fan Jorwert spilet dizze maitiid it stik 't Beest. It stik is basearre op it mearke Belle en het Beest. It is de fjirde kear dat yn Jorwert in jongereiniepenloftspul is. Stichting Waar en Wyn organisearret it spul en is foar elkenien fan tolve jier tagonklik. Der hoege gjin audysjes foar dien te wurden. Spylnocht en ûnderfining binne wichtiger. Tweintich jongeren dogge dit jier mei. Op 25 maaie is de premjêre fan it stik.

(advertinsje)
(advertinsje)