Tryater jout foarpriuwke fan multykulturele foarstelling

03 apr 2017 - 22:51

Tryater hat moandeitejûn in foarpriuwke jûn fan de foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek. Yn in 'sneak preview' koe in lyts publyk meimeitsje hoe't de akteurs op syk binne nei de goede toan, wurden en foarm foar de foarstelling. Wereldburgers van de Voorstreek is in bysûnder projekt oer de multykulturele mienskip fan de Voorstreek yn Ljouwert. In gearwurking fan sjoernalist Kirsten van Santen en artistyk lieder fan Tryater Ira Judkovskaja. Se portrettearje de winkeliers en bewenners fan de winkelstrjitte, foar ferhalen en in teäterstik.

Wereldburgers van de Voorstreek wurdt takom jier yn it kulturele jier 2018 opfierd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)