Ried Ljouwert stimt yn mei hegere belesting foar festivals

03 apr 2017 - 22:42

De ried fan Ljouwert hat yn grutte mearderheid ynstimd mei de ferheging fan leezjes en prekariobelesting foar festivals. Mei mar ien stim tsjin waard it foarstel fan b. en w. oannaam. Fan tefoaren warskôgen ferskate organisaasjes dat dat wolris de deastek wêze koe foar guon festivals, mar de ried gie net om foar dit argumint. Wiebe Kootstra fan it Frysk Strjitfestival is ien fan de minsken dy't net bliid is mei de beslissing.

"As produsers fan festivals planne we al hiel strak foar it opbouwen en ôfbrekken fan de festivals. Dit kin wolris de deastek wurde foar festivals yn Ljouwert, of je hawwe kâns dat de organisaasje om him hinne sjocht foar lokaasjes yn goedkeapere gemeenten", sa seit Kootstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)