Wetterskip kontrolearret boaten op ferbeane ûnderwetterfarve

Miljeu-ynspekteurs fan Wetterskip Fryslân kontrolearje de kommende moannen skipswerven, winkels en partikuliere boatbesitters op de oanwêzigens fan yllegale antyfouling. Yn dizze ûnderwetterfarve, dy't de oangroei fan algen oan boaten tsjingiet, sitte faak metalen en biosiden. Dat binne stoffen dy't skealik binne foar organismen yn it wetter. It middel mei allinnich troch de beropsfeart brûkt wurde en net troch plezierfeart. By eardere kontrôles trof it wetterskip in heech persintaazje fan dizze ferbeane antyfouling oan.
Mochten de miljeu-ynspekteurs it middel oantreffe, dan mei it net mear ferkocht of tapast wurde. Boatsjeminsken krije in warskôging en meie gjin nije farvelaach mear oanbringe. Mear ynformaasje foar boatbesitters is te finen op varendoejesamen.nl.