Sikehûs MCL behâldt topklinyske status

It MCL yn Ljouwert hat foar de kommende fiif jier opnij de topklinyske status krigen. Dat betsjut dat it sikehûs foldwaande kwaliteit jout op it gebiet fan komplekse yngrepen, soarchynnovaasje en wittenskiplik ûndersyk dat rjochte is op de pasjint. Ek hat it MCL him goed talein op it oplieden fan ûnder oaren dokters en ferpleechkundigen. Yn 2003 krige it sikehûs de topstatus foar it earst en om de fiif jier besjocht in spesjale kommisje oft de kwaliteit noch altyd heech is.
De status wurdt útrikt troch de Stichting Topklinische Opleidingsziekenhuizen.