Bletterman en Wevers selektearre foar EK turnjen yn Roemenië

03 apr 2017 - 18:04

By it EK turnjen yn Cluj yn Roemenië oer twa wiken komme twa Fryske turners yn aksje. Michel Bletterman fan Ljouwert is selektearre foar de mearkamp en Sanne Wevers fan It Hearrenfean komt út op de balke. Epke Zonderland docht net mei. Dy hat earder al witte litten dat er it EK oan him foarby gean lit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)