Trekker mei jarretank kantele yn Bantegea

03 apr 2017 - 16:49
Foto: CAMJO media

Op in boerebedriuw oan de Otterwei yn Bantegea hat moandeitemiddei in ûngelok west mei in trekker en in jarretank. De jarretank dy't achter de trekker siet, is kantele. Yn earste ynstânsje soene der twa minsken ferwûne wêze. Letter ferklearre de plysje dat it om ien man gie, de bestjoerder fan de trekker. Hy koe op eigen krêft út de trekker klimme. De helptsjinsten rukten út om assistinsje te ferlienen. De tadracht fan it ûngelok is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)