Man dy't beurs 'fynt' moat twa wiken de sel yn

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In Ljouwerter (26) dy't yn novimber in beurs fûn en de ynhâld fan 160 euro opmakke, moat twa wiken de sel yn. Tsjin de plysje sei er 'wat op de grond ligt, is van mij'. De man hie de beurs fûn doe't ien dy ferlear by in fjochtpartij op it Ruterskertier. Doe't de man dat ûntduts en frege oft ien syn beurs fûn hie, sei de Ljouwerter neat. De finer hie ek besocht te pinnen, mar dat mislearre. De Ljouwerter hat in flink strafblêd mei tal fan sokke feiten.