Gemeenteried Achtkarspelen op 'e bres foar Taksy Waaksma

03 apr 2017 - 16:06
Taksy Waaksma - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

De oanbesteging fan it WMO- en learlingeferfier yn Noardeast-Fryslân moat weromdraaid wurde. Dat wol de folsleine gemeenteried fan Achtkarspelen. Dy tsjinnet dêr tongersdei in moasje oer yn. It WMO- en learlingeferfier foar de regio is gund oan fjouwer partijen. Taksysintrale Waaksma is bûten de boat fallen en de ried fan Achtkarspelen is it dêr net mei iens. Dy tinkt dat it negative gefolgen hat foar de wurkgelegenheid. It is ek net goed foar de kwetsbere kliïnten dy't mei de taksy moatte en dy't bekende gesichten kwytreitsje, fynt de ried.

De gemeenteried fan Achtkarspelen wol dat boargemaster en wethâlders de oare belutsen gemeenten, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel, der fan oertsjûgje dat de oanbesteging oergean moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)