Wer problemen mei akwadukt by Burgum

03 apr 2017 - 15:50
De Sintrale As by Burgum - Foto: Wegenwiki, Chris

Mei it Hendrik Bulthuis akwadukt by Burgum binne op 'e nij problemen. It akwadukt leit yn de Sintrale As. De provinsje is moandei drok dwaande mei wurksumheden oan it akwadukt. Ein jannewaris wienen der ek al swierrichheden, doe kaam der wetter omheech. In rydstrook is ôfsluten en it ferkear kin allinnich oer de linkerbaan ride. By it akwadukt stean al in skoft pompen. Dy moatte foarkomme dat der mear wetter lekt.

Trefwurden: 
Burgum akwadukt Sintrale As
(Advertinsje)
(Advertinsje)