Partijen prate oer útwreiding Philadelphia yn Toppenhuzen

03 apr 2017 - 14:40
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Stifting Philadelphia en ynwenners fan Toppenhuzen sille prate oer útwreidingsplannen fan de stichting yn it doarp. Philadelphia wol de soarchbuorkerij oan de Eastwei útwreidzje, dêr't swier ferstanlik handicapten opfongen wurde. Twa buertbewenners binne dêr op tsjin. Se sizze dat se geregeld lêst ha fan razende kliïnten fan Philadelphia dy't troch it lint geane. Se wenje der deun op. Beide partijen troffen elkoar moandei by de Ried fan Steat. Se besykje der no earst mei elkoar út te kommen.

De gemeente Súdwest-Fryslân hie it bestimmingsplan oanpast om de útwreiding fan de soarchbuorkerij mooglik te meitsjen. De buertbewenners ha dêr berop tsjin oantekene by de Ried fan Steat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)