Garânsje op folslein soarchoanbod It Amelân

De KwadrantGroep en thússoarch Het Friese Land wurkje gear om ek yn de takomst in folslein soarchoanbod op It Amelân garandearje te kinnen. De FrieslandZorgverzekeraar hat tasein de plannen fan beide organisaasjes te stypjen dy't de plannen de kommende moannen fierder útwurkje. It soarchoanbod bestiet yn alle gefallen út in foarsjenning foar yntinsive, swiere soarch, in wensoarch-foarm dêr't âlderen selsstannich by wenje en der 24 oeren deis soarch beskikber is en dêrneist thússoarch.
De KwadrantGroep is eigener fan wensoarchsintrum De Stelp op It Amelân en Het Friese Land fersoarget dêr de thússoarch. Der komt ien soarchmanager foar de soarch op it eilân. By de plannen wurde ek de gemeente en de húsdokters belutsen. It is de bedoeling om noch foar de simmer te begjinnen.