Hearrenfean komt mei subsydzjepot foar KH2018

03 apr 2017 - 14:28
It gemeentehûs fan de gemeente Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente Hearrenfean hat foar Kulturele Haadstêd 2018 twa subsydzjeregels makke. Ynwenners, ûndernimmers en kulturele ferienings kinne in berop dwaan op de subsydzjepot fan 115.000 euro. Dêrfan is 60.000 euro beskikber foar kulturele projekten en 55.000 euro foar projekten mei in ekonomysk-toeristyske ynstek. Dêrmei liket It Hearrenfean yn te gean op de oprop fan de boargemasters fan Ljouwert en Smellingerlân om jild beskikber te stellen foar mear gemeentlike promoasjeaktiviteiten fan KH 2018.

Bysûnder is dat tagelyk yn de nije kultuernota stiet dat it Museum Heerenveen safolle ynleverje moat, dat it mei sluting bedrige wurdt. Museum Belvédère krijt foar it earst 30.000 euro stipe fan de gemeente, mar dat is folle minder as de 50.000 euro dêr't om frege wie. Ek dit museum wurdt mei sluting bedrige.

Trefwurden: 
KH2018 Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)