Spoaroergong Feanster Rotstergaastwei wurdt oanpakt

03 apr 2017 - 14:23
Foto: Omrop Fryslân

De spoaroergong yn de Rotstergaastwei op It Hearrenfean wurdt feiliger makke. De oergong wurdt yntinsyf brûkt en fytsers moatte twa kear de drokke dyk oerstekke. Mei om't der fan ein 2017 ôf mear treinen ride sille tusken Ljouwert en Zwolle, pakke de gemeente en ProRail de oergong oan. Dy wurdt útwreide om sa romte te meitsjen foar in fytspaad, sadat fytsers net langer twa kear de dyk hoege oer te stekken. Der komt boppedat mear romte foar frachtweinen om de bocht nei de Industrieweg te meitsjen. De wurksumheden binne yn maaie.

Tusken 1 en 15 maaie wurdt it ferkear omlaat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)