Ald-boargemaster John te Loo ferstoarn

03 apr 2017 - 13:35

Ald-boargemaster John te Loo fan Ljouwert is ferstoarn. PvdA'er Te Loo begûn syn lange karriêre as boargemaster yn 1958 yn Gasselte. Hy wie doe tritich en de jongste boargemaster fan it lân. Dêrnei folgen Borger, Winschoten en Schiedam. Yn 1983 waard Te Loo boargemaster yn Ljouwert. Dat hat er tsien jier west. Dêrnei wie er noch jierren waarnimmer, ûnder oare yn Harns, syn berteplak.

John te Loo is 88 jier wurden. Freed hinget de Ljouwerter flagge healstok oan it stedhûs en oan de Aldehou.

Poëzijstiennen

Te Loo wie Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en eareboarger fan Ljouwert. Ta gelegenheid fan syn ôfskied as boargemaster fan de Fryske haadstêd krige er 'Het Metrum van de voetstap' oanbean, in poëzijrûte mei gedichten yn stiennen tablo's ferspraat oer de binnenstêd. As kado wienen dat doe tsien. Oan de rûte wurde geregeld nije stiennen tafoege. Der lizze no in lytse fyftich stiennen.

Skiednis

"Hy hie belangstelling foar poëzij, hy hie les hân fan de dichteres Ida Gerhardt, ik tink dat er dêr in tik fan meikrigen hat," fertelt Geart de Vries fan Histoarysk Sintrum Ljouwert. "As boargemaster moast er faak sprekke en hy sei dêroer: ik zoek altijd een aangrijpingspunt bij mensen die het zelf veel mooier gezegd hebben dan je het zelf ooit zou kunnen zeggen." Hy kaam geregeld by it HCL en hie belangstelling foar skiednis. "Hy makke sels ek gedichten, 'de geringe misstappen die ik weleens bega', sei er der sels oer." 

Magistraat

Riedslid Jan van Olffen skrok fan it nijs fan it ferstjerren. "Ik heb een enorme bewondering en respect voor hem. Hij had iets van een magistraat, ik heb hem nooit getutoyeerd, maar hij had ook veel oog voor de sociale kant van het leven. Leeuwarden heeft veel aan hem te danken."

Neist boargemaster wie Te Loo ûnder oare plakferfangend-riedshear by it gerjochtshôf Ljouwert en lid fan de Centrale Raad voor Strafrechtstoepassing. Ek wie er de earste presidint-kommissaris fan de Raad van Commissarissen fan Afvalsturing Friesland N.V. (hannelsnamme Omrin), de ôffalferwurker fan de 31 Fryske gemeenten.

Trefwurden: 
John te Loo
(Advertinsje)
(Advertinsje)