Programma Into the Grave is rûn

03 apr 2017 - 13:18
Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mei de Amerikaanske thrashmetalband Flotsam and Jetsam en Pro-Pain is it programma fan Into the Grave folslein. De Amerikaanske metal/hardcoreband Pro-Pain ferfangt de Nederlânske deathmetalband Hail Of Bullets dy't lêsten oankundige op te hâlden en dus net mear op it festival komt.

It metalfestival Into the Grave is 11 en 12 augustus op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Dit jier is ek wer in camping by it festival yn it Rengerspark.

Op freed spylje Saxon, Powerwolf, Alestorm, Metal Church, Flotsam and Jetsam en The Charm The Fury. Op sneon spylje Amon Amarth, Arch Enemy, Overkill, Life Of Agony, Whitechapel, Sodom, Textures, Pro-Pain en Ember Falls.

(Advertinsje)
(Advertinsje)