"Polityk moat akseptaasje homo's en lesbiennes befoarderje"

De polityk moat mear dwaan om de feilichheid en de akseptaasje fan homo's en lesbiennes te befoarderjen. Dat seit Cees van Baalen fan it COC yn Fryslân, nei oanlieding fan de mishanneling fan in homostel yn Arnhem. Hy fernimt dat ek yn Fryslân homo's en lesbiennes harren net altyd feilich fiele op strjitte en dat moat ôfrûn wêze. Der moat op strjitte better kontrolearre wurde op feiligens en skoallen moatte better neitinke oer effektive lesmetoaden om it tema homoseksualiteit yn de klas oan de snijen.
"Je mag als homo wel belasting betalen, maar dat deel waarin je als jezelf bijvoorbeeld hand in hand met je geliefde op straat loopt, mag niet van een paar mensen. Het gevoel vogelvrij te zijn heeft impact op je," seit Cees van Baalen fan it COC. It tal diskriminaasjemeldingen nimt ta. "We denken dat we in een vrije samenleving leven, maar blijkbaar is dat niet zo." It COC hat in brânbrief nei de ynformateur stjoerd. "Je moet er met jonge mensen over prateen, dat er mensen zijn die anders zijn, er moet betere voorlichting op scholen komen."