TUI skrast flechten fan Eelde nei Antalya

Reisorganisaasje TUI skrast alle flechten fan Groningen Airport Eelde ôf nei Antalya yn Turkije. Reden is dat der minder boekingen binne fanwege de politike ûnrêst yn dat lân. It giet om twa flechten yn de wike en de maatregel duorret oant op syn minst 21 july. De reizgers dy't al boekt ha, krije in alternatyf oanbean. TUI skrast ek de flechten út Rotterdam en Eindhoven wei. Inkeld út Amsterdam wei wurdt noch flein nei Turkije.