MCL brûkt gjin oplosbere stents mear by hertpasjinten

03 apr 2017 - 12:20

Sikehûs MCL yn Ljouwert brûkt gjin oplosbere stents mear. Ut ûndersyk docht bliken dat hertpasjinten mei sa'n stent trije kear mear kâns hawwe op in bloedstolsel. De kâns op in bloedstolsel is by de oplosbere stent trije prosint yn stee fan de ien prosint by de stent fan metaal. In stent is in buiske dat de tichtslibbe krânsslachier wer iepen makket en iepenhâldt. Troch in bloedstolsel kin de stent ynienen ticht sitten gean, wêrby't in hertynfarkt ûntstean kin.

It MCL hat alle Fryske pasjinten, dy't yn de ôfrûne trije jier sa'n oplosbere stent krigen ha, op 'e hichte steld. De measten fan har hawwe yntusken al in petear hân mei har kardiolooch. Wêr nedich moatte pasjinten langer bloedfertinjende medisinen slokke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)