Fandaal pakt yn Surhústerfean fanwege fernielings

03 apr 2017 - 12:04
Oanhâlding - Foto: ANP

De plysje yn Surhústerfean hat twa manlju oanhâlden foar fjochterij en fernielerij. By de plysje kamen meldingen binnen fan fernielerij yn it sintrum fan it doarp. Doe't de plysje oankaam, trappearren se in 23-jierrige Feanster op 'e died. De man waard oanhâlden.

Ut ûndersyk die bliken dat der yn in hoarekagelegenheid yn de buert ek fjochterij west hie. Mei help fan tsjûgen is moandeitemoarn ek in 21-jierrige Feanster oanhâlden. De plysje slút meardere oanhaldingen net út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)