Fryske musea litte har 'goud' sjen yn lanlike museumwike

03 apr 2017 - 11:49
Foto: Henk Steenbergen

Likernôch de helte fan de Fryske musea docht dit jier mei oan de lanlike museumwike. De wike rint fan 3 oant en mei 9 april. It tema is 'Ons echte goud' en doel is om de skatten út de kolleksjes foar it fuotljocht te bringen. Besikers kinne yn dizze wike faak foar ien euro nei binnen en der wurde tal fan aktiviteiten organisearre.

De measte Fryske musea ha benammen yn it wykein fan 8 en 9 april spesjale aktiviteiten.

Yn Keramiekmuseum Princessehof kinne besikers boetsearje, yn Jelsum kinne se in fytstocht dwaan mei útlis oer de skiednis fan Dekemastate en omkriten of by Museum Heerenveen kin
keunst makke wurde mei waskknipers en yn museum Hert fan Fryslân yn Grou stiet de stoomfluit fan de Halbertsmafabriken sintraal. Dy fluit makke hûndert jier lang it ritme yn Grou út, as begjin fan de wurkdei, it skoft en de sluting fan it fabryk.

Trefwurden: 
museumwike musea
(Advertinsje)
(Advertinsje)