Opjage skiep stjert nei botsing mei stek

03 apr 2017 - 11:43
It deade heideskiep - Foto: Steatsboskbehear

De boskwachters fan Steatsboskbehear warskôgje eigeners fan hûnen foar de skea dy't losrinnende hûnen oanrjochtsje yn de natuer. It soarget foar in soad stress ûnder de skiep en reeën dy't yn de natuer libje. Guon bisten reitsje sa yn de stress dat se harsels dea rinne tsjin stekken of harren jongen efterlitte.

Ofrûne freed fûnen meiwurkers fan steatsbosbehear op it Wynjeterper Skar in dea Drintsk heideskiep. It bist wie opjage troch in losrinnende hûn en sa hurd tsjin de ôfrastering rûn, dat it ferstoar.

Steatsboskbehear set de skiep yn foar it ûnderhâld fan de natuergebieten. Neffens boskwachter Roel Vriesema beseffe in soad hûne-eigeners net hoefolle skea harren hûn oanrjochtsje. Neist it jaan fan foarljochting, kontrolearje de boskwachters ekstra op losrinnende hûnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)