Adoptearje dyn stoepe en hâld de strjitte skjin

03 apr 2017 - 10:38
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Mei it adoptearjen fan in stikje stoepe foar hûs moat de strjitte skjin bliuwe. Dat idee komt fan frou Feenstra út Ljouwert. Se wennet oan de Essenstrjitte en wol har wyk Heechterp-Skieringen frij hâlde fan troep.

Wethâlder Friso Douwstra jout moandeitemiddei de earste stoeptegel oan frou Feenstra. It is it begjin fan de útfiering fan it projekt dêr't bewenners in eigen stikje stoepe foar de doar 'adoptearje' mei as doel om dat skjin te hâlden.

Dielnimmers krije fan it wykpanel in stoeptegel. Der binne al fjouwer oanmeldingen. Se krije de tegel meikoarten.

Trefwurden: 
stoepe Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)